Harnzer bedriicht dokterswacht

De plysje hat in Harnzer (44) oanhâlden op fertinking fan it bedrigen fan de dokterswacht. De man hie ferskate kearen telefoanysk kontakt socht mei de dokterswacht sûnder dat hjir in medyske reden foar wie. Oan de tillefoan bedrige de Harnzer de meiwurkers fan de dokterswacht ferskate kearen.
De plysje hâlde de man yn syn wenhûs oan. De man waard meinommen nei it plysjeburo foar neier ûndersyk. Syn tillefoan waard yn beslach nommen.