Nije boat Skier fart letter

26 jun 2011 - 10:49

Bewenners en besikers fan Skiermûntseach kinne fan takom wike ôf twa oeren letter as gewoan werom nei it fêste lân. It giet om in inisjatyf fan rederij Lauwersoog Water Events.

Dy hat de tiden fan de rûnfeartboat wat oanpast. Tenei giet dy jûns om healwei njoggenen wer werom nei Lauwerseach. Eltsenien dy't dat wol, mei dan meifarre, dus ek minsken dy't mei de gewoane fearboat nei it eilân takommen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)