Tydlike lokalen yn Berltsum

By de nijbou fan de brede skoalle yn Berltsum, wurde der tydlike lokalen delsetten by de iepenbiere skoalle. De nije brede skoalle komt op it plak dêr't no noch lokalen binne fan de kristlike skoalle.
De gemeente hâldt der rekken mei dat it heljen en bringen fan alle bern op ien plak wol wat dreech wurdt. Moandei wurdt dêrfoar in plan presintearre oan de âlden. It is de bedoeling dat de bou fan de nije skoalle healwei 2012 begjint.