Plan foar Vuelta yn Fryslân

Ien fan de etappes fan de Ronde fan Spanje, de Vuelta, giet yn 2015 mooglik by de Fryske alve stêden del. Dat seit organisator Jos Vaessen.
Hy wol, krekt as twa jier lyn, de Ronde fan Spanje nei Assen helje. Yntusken is it sa goed as wis dat soks slagget, hat de direkteur fan de Vuelta sein. Dy wie sneon te gast by de TT. Neffens Vaessen is de 200 kilometer fan de alvestêdetocht in ideale ôfstân foar in etappe.