Brief weryndieling klear

26 jun 2011 - 08:50

Doarpsbelangen, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes yn Ljouwert krije yn july de kâns om har miening te jaan oer de weryndieling mei Boarnsterhim. Dat skriuwe b. en w. fan Ljouwert, yn it brief dat 20 juny tasein is yn de kommisjegearkomste.

Dêr waard frege wat Ljouwert docht om de ynwenners by de weryndieling te belûken. Der komme ek noch artikelen yn de kranten en mei Boarnsterhim wurdt der in aparte website lansearre oer de weryndieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)