Willem II wol Hese hiere
Sportklup Cambuur is mei Willem II yn ûnderhanneling oer in transfer fan Leon Hese. De ferdigener mei fuort út Ljouwert fanwege syn hege salaris. Willem II wol Hese allinnich hiere fan Cambuur. Se wolle dan ek net it folsleine salaris oernimme.
Mocht de transfer trochgean, dan is Hese de tredde spiler fan Cambuur dy't de oerstap nei Tilburch makket. David Meul en Danny Guijt giene him foar.