Arum en Dronryp winne NK

25 jun 2011 - 18:01
It winnende partoer fan Dronryp (foto: Klaas Hijlkema)

It partoer fan Arum is sneon Nederlânsk kampioen keatsen wurden by de jonges. Op it eigen fjild yn Arum wiene sy yn de finale mei 5-1 en 6-0 fierstente sterk foar Boalsert. De lytse preemje wie foar it partoer fan Sint Jabik.

Ek de famkes keatsten in NK yn Mantgum. Hjir gie de titel nei Dronryp, dat yn de finale mei 5-3 en 6-2 te sterk wie foar Easterein. De lytse preemje gie hjir nei it partoer fan Folsgeare.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)