Fandalen rinne oer auto's
De plysje fan It Amelân hopet sneon de dieders oan te hâlden fan it fernielen fan twa auto's op it eilân. Dy stiene parkeard by de strânoergong oan de Oranjeweg yn Hollum.
De skea ûntstie trochdat der in tal minsken oer de auto's rûn. De plysje hat wol in idee wa't de dieders binne en hopet dy sneon noch oppakke te kinnen.