Caleidoscoop ferkeapet buro's

25 jun 2011 - 16:40

De ferkeap fan wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop op It Hearrenfean hat sneon rom 1000 euro opbrocht. De sinten geane nei de wiken fan It Hearrenfean om te besteegjen oan de Burendag. Caleidoscoop moat besunigje en giet werom fan 4 lokaasjes nei ien.

Dêrtroch wie der in soad guod as buro's, stuollen en kasten oer. De meiwurkers fan Caleidoscoop hawwe frijwillich meidien oan de ferkeap. Se binne hiel tefreden oer de opbringst en de belangstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)