Motorriders op de bon slingere
De plysje hat fanwege de TT yn Assen freedtejûn op snelheid kontrolearre op de N381 by Appelskea. Dêrby waarden twa motorriders op 'e bon slingere, beide omdat se te hurd rieden. Ek waarden seis automobilisten betrape.
Ien fan harren hie in te hege snelheid, fjouwer rieden oer in trochlutsen streep, de fyfde hie tefolle dronken.