Plysje hâldt mem en soan oan

De plysje hat freed op it busstasjon fan Ljouwert in ynwenster (43) fan dy stêd en har soan (22) oanhâlden. De frou wegere te beteljen foar in rit mei de bus en waard dêr troch de sjauffeur op oansprutsen. Se begûn dêrop de man te mishanneljen.
Doe't de oproppen plysje de frou besocht op te pakken, krige dy ek te krijen mei har soan. Dy fersette him sa bot tsjin de oanhâlding fan syn mem dat er yn 'e boeien slein wurde moast. De twa binne meinaam nei it buro.