Fly By F16's op feteranedei

25 jun 2011 - 12:27

Fjouwer F16's en in tal helikopters fan de fleanbasis Ljouwert fersoargje sneon in 'Fly By' op de feteranendei yn Den Haach. By in Fly By fleane de fleantugen leech oer, as ûnderdiel fan in seremoanje. Ek tal fan oare âlde en nije fleantugen dogge mei.

Sa giet der fanút Ljouwert ek in âlde Ingelske strieljager út de jierren '50 de loft yn. By de feteranedei wurdt stilstien by de missys fan Nederlânske militêren yn bygelyks Nederlânsk Ynje, Koreä, Libanon en Afganistan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)