Kasinofertochten langer fêst

It kasino fan De Jouwer (foto: Omrop Fryslân)
De trije manlju dy't der fan fertocht wurde ynbrutsen te hawwen yn it kasino fan De Jouwer bliuwe foarearst fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. Dy fynt dat der genôch bewiis tsjin de trije is.
De ynbraak yn it kasino wie moandeitemoarn betiid. Dêrby waarden mei in moker gokkasten fernield om it jild meinimme te kinnen. Dat jild is yntusken werom fûn, ek waarden de trije manlju oanhâlden. Nei twa oaren wurdt noch socht.