Archeologysk stipepunt
Fryslân is in archeologysk stipepunt riker. Ljouwert hat der freed ien krigen. It stipepunt is festige yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert by de Aldehou.
Minsken kinne hjir alles te witten komme oer de archeologyske ûndersiken en fynsten dy't de ôfrûne 30 jier dien binne yn de haadstêd. De ûndersiken jouwe in goed byld fan it ûntstean fan de stêd.