Ofslútdyk moat grien wurde

24 jun 2011 - 17:25

De Ofslútdyk wurdt in griene dyk mei mooglikheden foar nije funksjes. Dat hat de ministerried freed besletten. It ryk stelt 600 miljoen euro beskikber foar de nije dyk. Mei it beslút stipet it kabinet de provinsje. Dy hat altyd fêsthâlden oan fernijing fan de dyk.

De kommisje Nijpels makke earder noch bekend dat ferbettering fan de feilichheid finansjeel allinnich helber is troch in nije asfaltlaach oan te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)