Frou fan kano op Waad rêden
It KNRM hat freed by Flylân in kano-ster fan it wetter helle. De frou waard net goed. Se hie kramp, wie mislik en ferswakt.
Rêdingboaten de Graaf van Bylandt en de Huibert Dijkstra rukten út om de frou te helpen. Meiwurkers fan de ambulânse op de Graaf van Bylandt ha de frou ûndersocht. Se is meinaam nei Skylge-West.