Gjin noed fûgelgryp NO-polder

24 jun 2011 - 16:41

Ynwenners fan Lemsterlân hoege gjin noed te hawwen oer de fûgelgryp yn Creil. By in grut plomfeebedriuw yn Creil is de fûgelgryp fêststeld ûnder 47.000 hinnen. It soe gean om in minder slimme fariant fan de gryp. Alle hinnen wurde romme.

It bedriuw yn Creil leit goed 10 kilometer fan de Fryske grins by De Lemmer wei. De gemeente hâldt de saak goed yn de gaten. LTO Noard makket him noch gjin soargen oer de gefolgen foar Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)