Steatsrie: REC net slute

24 jun 2011 - 15:09

Omrin kin de oven yn Harns foarearst yn bedriuw hâlde. Stifting Afvaloven Nee hie de Raad van State frege om de oven stil te lizzen. Dit yn ôfwachting fan in útspraak oer de beswieren tsjin de miljeufergunning. De provinsje hat ferline jier in nije fergunning ôfjûn.

De Raad van State seit dat de gefolgen fan de útstjit fan de REC foar miljeu en folkssûnens net sa grut binne dat dizze daliks ticht moat. It sluten fan de oven hat grutte finansjele gefolgen foar Omrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)