Jubileum Radio Froskepôle

Gurbe Douwstra
Radio Froskepôle belibbet woansdei de 750ste útstjoering. It radioprogram fan Omrop Fryslân fiert dat mei in live optreden fan de Fryske Trûbadoers. Dat binne Piter Wilkens, Doede Veeman, Jaap Louwes en Gurbe Douwstra. De trûbadoers spylje tusken 18.00 en 19.00 oere. Harkers koene har opjaan om derby te wêzen.
It program Radio Froskepôle lit Fryske muzyk hearre en fan streektaalregio's út binnen- en bûtenlân. Gurbe Douwstra begûn yn 1999 mei it programma.