Drachtster frou is tarekkenber

De Drachtster frou (23) dy't fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan de 2-jierrich Cheyenne is folslein tarekkenber neffens it Pieter Baan sintrum. Dat die freed bliken by de rjochtbank yn Den Bosch.
Op in feestje yn Eindhoven ferline jier april waard de beuker bewusteleas oantroffen. Se is nei it sikehûs brocht dêr't se letter stoarn is. De frou joecht ta it famke moannenlang mishannele te hawwen. Tsjin de mem fan de pjut is ien jier sel easke.