Krús op Oerol tsjin besuniging

24 jun 2011 - 10:57

Mear as 3500 minsken makken freed in grut krús op it Griene Strân op Skylge. It is in protestaksje tsjin de kultuerbesunigings. Ek is op it strân de tekst 'Mars der Beschaving' makke. Ut de loft wei binne bylden makke fan it protest. Nei de aksje sprongen guon minsken yn de see. Dizze symboalyske dûk nei Den Haach is de ôftraap fan in tal lanlike aksjes.

Sneintenacht begjint de Mars nei Den Haach dêr't de Twadde Keamer moandei oer de besunigings praat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)