Hierders naaie út mei sloep

De plysje ûndersiket de stellerij fan in sloep yn Langwar. De boat wie hierd troch twa mannen, mar waard net op tiid werombrocht. De eigner belle de hierders dy't seinen ûnderweis te wêzen nei Langwar. Doe't se der nei in pear oeren noch net wienen, belle de eigner de plysje. In burgernetaksje smiet neat op.
De plysje ropt minsken op dy't de sloep mei de namme Elan III sjoen ha kontakt op te nimmen.