Batavus nimt Vartex oer

24 jun 2011 - 09:40

Fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean nimt it Sweedske Vartex oer. Vartex is in distributeur fan fytsen en ûnderdielen en hat in lanlik netwurk fan dealers. Batavus is in dochter fan de Accel Group. Mei de oername wol it bedriuw de Sweedske merk útwreidzje foar sawol gewoane as elektryske fytsen.

De Accelgroup betellet de oername út eigen middels. Vartex hat 15 meiwurkers en boekte yn 2010 in omset fan 7 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)