Harnzer moarnsbrochje útsteld
It Harlinger Parkontbijt, dat kommende sneon hâlden wurde soe, is útsteld. Neffens de organisaasje fan it moarnsbrochje binne de waarsfoarsizzings te min.
It is foar de twadde kear dat it barren yn Harns net trochgean kin. It evenemint is no ferskood nei sneon 2 july, mei in útwyk nei de deis dêrnei.