Stille tocht foar Aswintha

23 jun 2011 - 21:31

Mear as 200 minsken ha tongersdeitejûn meirûn yn in stille tocht yn Snits. Dy wie organisearre troch freonen fan Aswintha Dykstra, de frou dy't ferline wike fermoarde waard.

De tocht gie fan it wyksintrum De Waterpoort nei it hûs fan it slachtoffer oan de Partuerstrjitte. Famyljeleden lieten dêr wite ballonnen op. Ek waarden blommen dellein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)