Petear oer lêsten Antillenflat

Eigners fan in hûs yn de Antillenflat prate mei hypoteekferstrekkers oer de dûbele lêsten dy't se hawwe. De gemeente Ljouwert hat har foar trije moannen in rinteleaze liening jûn. Mei de hypoteekferstrekkers wurdt besjoen hoe't de wenten har wearde hâlde kinne.
Ynset is noch altyd dat de flat wer opknapt wurdt. Yn maaie bruts in galerij op de boppeste ferdjipping ôf en foel nei ûnderen. Kommend wykein wurdt it lêste húsried út de flat helle.