Grut alarm foar sek semint
De helptsjinsten binne tongersdeitemoarn om 'e nocht útriden nei in bouplak oan de Prinsengracht yn Snits. De melding wie dat der wat ynstoarten wêze soe.
Uteinlik die bliken dat it om in sek semint gie, dy't nei ûnderen fallen wie fan in gebou. Dêrby rekke net ien ferwûne. Brânwacht en ambulânses hoegden net yn aksje te kommen.