Parkearterrein AH ferdûbele
It parkearterrein fan de Albert Heijn yn Stiens wurdt miskien twa kear sa grut. Der binne no goed 30 parkearplakken en dat wurde der dan 76. In part fan de nije parkearplakken komt yn it park. De gemeente wol dêrom dat in lânskipsarsjitekt tekeningen makket. De supermerk moat dy betelje.
De gemeenteried praat op 30 juny oer de plannen.