Fiif brantsjes yn Drachten
Der hawwe yn de nacht fan woansdei op tongersdei fiif brantsjes west yn Drachten. Yn de wenwyken De Drait, De Trisken en De Wiken waarden konteners en konifearen yn de brân stutsen. In konifearehaach rekke oer in lingte fan 20 meter skansearre.
It earste brantsje wie nachts om ien oere, de lêste om healwei fiven. De plysje siket tsjûgen.