Moardfertochte stichte ek brân

De man út Denekamp, dy't fertocht wurdt fan de moard op de 27-jierrige frou út Snits, wurdt ek fertocht fan brânstichting. Ferline wike freed waard de frou yn har hús ombrocht. De fertochte soe in dei earder yn Jislum in caravan yn de brân stutsen ha. Dêrby rekke nimmen ferwûne.
De man is nei syn dieden nei België flechte. Hy is útlevere en wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy bepaalt oft er langer fêstsitten bliuwe moat.