Drachtster slacht mei bile
In 42-jierrige Drachtster is woansdei oanholden foar poging ta deaslach, bedriging en fernieling.
By in rúzje sloech de man mei in bile op de auto fan in 55-jierrige plakgenoat. De fertochte is fêstset op it buro. De bile is yn beslach naam.