Boufakkers bedrige yn Langwar

De plysje hat woansdei in 52-jierrige ynwenner fan Langwar oppakt foar mishanneling en bedriging. Boufakkers soene by it hûs fan de fertochte oan it wurk. De man woe dat net en swaaide mei in stôk nei de boufakkers. Dy giene fuort, mar kamen letter werom om te praten. De Langwarder bedrige de boufakkers wer en sloech ien fan har mei in stôk.
De manlju warskôgen de plysje. Dy hat de fertochte oerbrocht nei it buro, dêr't er proses-ferbaal krige.