Ferwûne by FrieslandCampina

In 49-jierrige man út Easterstreek is yn de nacht fan woansdei op tongersdei swier ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok. Dat barde yn it fabryk fan FrieslandCampina yn Wolvegea.
De man rekke beknypt yn in masine. Kollega's en de plysje hawwe de man reanimearre. It slachtoffer is dêrnei yn kritike tastân mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.