Smellingerlân foar Polderhoofdkanaal

23 jun 2011 - 08:06

Smellingerlân is no ek foar weriepening fan it Polderhoofdkanaal. In mearderheid fan de ried wie woansdeitejûn foar in ekstra bydrage fan 900.000 euro. Smellingerlân betellet 2,3 miljoen euro mei oan it projekt. Dat kostet 17 miljoen euro. De gemeente Opsterlân wie tiisdeitejûn akkoart gien mei de plannen.

De gemeenten wolle it kanaal al langer iepen ha, mar beswieren leine it wurk stil. Yn 2015 moat it kanaal iepen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)