Do fan 50.000 euro ferkocht

22 jun 2011 - 22:33
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert wurdt takom wike in do fan 50.000 euro ferhannele. De fûgel is fan in Ljouwerter dowemelker. It bist is sa djoer om't er tige goede resultaten helle hat yn ferskate wedstriden. De nije eigner komt foar de oerdracht hielendal út Belgie.

De do sit op it stuit op in geheim plak. Dit wurdt dien omdat der yn it ferline wolris djoere dowen stellen binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)