Ein swimbad De Frosk tichtby

© Omrop Fryslân
Swimbad De Frosk yn De Westereen moat ticht. Dat wol it kolleezje fan BenW fan de gemeente Dantumadiel. De gemeente moat 1,8 miljoen euro besunigje. Der is besocht om it swimbad te ferkeapjen, mar dat is net slagge. Ferline jier waard de sluting fan it swimbad noch útsteld troch protesten fan gebrûkers.
De ried praat op 19 july oer de sluting fan it swimbad. It kolleezje wol dan ek fuortendaliks in antwurd fan de ried.