Grutte militêre oefening

22 jun 2011 - 16:34

De Luchtmobile Brigade sil mei seishûndert man oefenje yn it gebiet tusken Assen en de Lauwersmar. Yn it Lauwersmargebiet wurde parasjutisten dropt. Fierders ûndersykje dûkers yn de haven fan Lauwerseach skippen op eksplosiven.

De grutte oefening is fan moandei 27 juny oant freed 8 july. De kolonnes ride gewoan oer de wegen tusken it oare ferkear, mar der binne gjin ôfslutings. Op guon plakken wurdt wol mei oefenmunysje sketten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)