GGZ Fryslân: gjin pasjintestop

Pasjinten fan de GGZ wurde de dupe fan de lanlike protestaksje fan GGZ Nederlân. Dat fynt de Fryske ôfdieling fan de organisaasje. Sy dogge net mei oan in part fan de protestaksje. It giet om in estafette mei in pasjintestop. Elke ynstelling soe dan 24 oeren lang tydlik gjin pasjinten mear opnimme moatte.
De Fryske ôfdieling sjocht neat yn it aksjeplan. Sy freegje no pasjinten om mei ideeën te kommen foar alternative aksjes.