Blomketerp wurdt ferkocht

22 jun 2011 - 13:54

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer wurdt ferkocht. Dat melde B en W fan Frjentsjerteradiel. It swimbad is sûnt 1 juny ticht. Ferkeap by iepenbiere ynskriuwing is mislearre. Dêrnei is der praat mei sân belangstellenden. Dêr binne twa fan oerbleaun. De stifting Exploitatie Zwembad Bloemketerp is it wurden.

De stichting, mei benammen brûkers fan it swimbad, krijt fan de gemeente in ienmalige gemeentlike bydrage. It bad soe yn septimber iepen moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)