Aksje âlden Proloogskoallen

22 jun 2011 - 10:16

Alden mei bern op in skoallen fan Proloog komme yn aksje. De organisaasje foar iepenbier ûnderwiis yn Ljouwert sit yn grutte finansjele noed. In groepke heiten en memmen wol no besykje om mei safolle mooglik oare âlden yn kontakt te kommen. Sy wolle ien fûst meitsje en sa witte litten wat se wolle.

De âlden hawwe soargen oer de kwaliteit fan it ûnderwiis. Der moat oardel miljoen euro besunige wurde, benammen op personiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)