Stille tocht yn Snits

22 jun 2011 - 10:04

Der komt in stille tocht foar de 27-jierrige frou út Snits dy't ferline wike freed fermoarde is. De tocht is tongersdeitejûn en hy begjint by it gebou fan wykferiening De Wettertoer. Der wurde in soad minsken ferwachte.

De frou waard freedtemoarn betiid fûn yn har hûs oan de Partuerstrjitte. Se hie sels 112 belle. De 42-jierrige fertochte út Denekamp naaide út. Hy is letter op de dei yn België oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)