Grien ljocht Polderhoofdkanaal

It liket derop dat de ried fan Opsterlân op 4 july beslute sil om troch te gean mei it plan om it Polderhoofdkanaal iepen te meitsjen foar boaten. Neffens Opsterlân is der oerienstimming mei Smellingerlân oer de ferdieling fan de kosten.
Foar Opsterlân giet it om in bedrach fan 3 miljoen euro, foar Smellingerlân om 2,3 miljoen. Mar de hantekens binne noch net setten en der rinne noch prosedueres tsjin it plan.