Protest foar Oerol

Oerolgongers, Skylgers en keunstners rinne freed op Skylge in protestmars tsjin de besuningsplannen fan it kabinet. De tocht giet fan it easten nei it westen en by it Griene Strân kuierje de dielnimmers mei syn allen it wetter yn.
Ek de boargemaster fan Skylge makket him soargen oer de takomst fan it festival. Neffens him wurdt it in hiele riskante operaasje om Oerol yn stân te hâlden as de Haachske subsydzje ferfalt.