Atsma tsjin ferheging wetter

21 jun 2011 - 18:02

Steatssiktaris Joop Atsma is tsjin it ferheegjen fan it wetterpeil yn de Iselmar. De deltakommisje wol it wetterpeil yn de mar mei goed oardel meter omheech hawwe, om sa de foarried fan swiet wetter yn Nederlân grutter te meitsjen.

Ferskate keamerfraksjes binne benaud dat hjirtroch de diken flink ferhege wurde moatte. Dit soe it útsjoch fan de ynwenners fan de doarpen en stêden by de dyk bedjerre. Atsma is om dy reden ek op de ferheging tsjin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)