Kultuerpraat Littenseradiel
Littenseradiel freget har ynwenners om mei te praten oer it nije kultuerbelied yn de gemeente. Op it stuit wurkje se oan de nije kultuernota foar 2011 oant 2015. De gemeente wol graach fan de ynwenners witte wat se ferwachtsje fan it kulturele oanbod.
De ynbring wurdt brûkt foar it opstellen fan in kultuernota dy't sa goed as mooglik oanslút by de winsken fan it publyk.