Protestmars op Skylge
Kommende freed is op Skylge in protestmars tsjin de besunigings op de kultuer. It is de bedoeling dat Oerolbesikers, keunstners en Skylgers meirinne. De tocht giet fan de eastkant fan it eilân nei de westkant.
De tocht moat in opmaat wêze nei de lanlike Mars der Beschaving, dy't snein rûn wurdt. Der wurdt freed op Skylge ek protestearre tsjin de besunigings op soarch, miljeu en ûnderwiis.