Droste en Bakker nei Cambuur

21 jun 2011 - 14:02

Sportklup Cambuur hat Wout Droste en Erik Bakker oanlutsen. De 22-jierrige Droste is rjochtsback en komt oer fan Go Ahead Eagles. Bakker is 21 jier, spilet rjochts op it middenfjild en hat fjouwer jier foar FC Zwolle spile.

De seleksje fan Cambuur is no sa goed as folslein. De klup siket noch wol in ekstra middenfjilder en in oanfaller. Earder presintearre Cambuur ûnder oaren Melvin de Leeuw, Marco Bizot, Martijn Barto, Mart Dijkstra en Marco van der Heide foar it nije seizoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)