Parochyhûs St Nyk net feilich

It Parochyhûs (foto: Skarsterlânnieuws.nl)
De finansjele problemen fan 'Het Parochiehuis' yn Sint Nyk binne noch net foarby. Nei de ferbou fan it sealesintrum yn 2009 bleau der in tekoart oer fan 80.000 euro.
De gemeente Skarsterlân woe dat jild net bypasse, mar woe wol meiwurkje oan in rinteleaze liening. Moandeitejûn is yn de kommisjegearkomste dúdlik wurden dat de bank net oan dy liening meiwurkje wol. Dat betsjut dat it sealesintrum sitten bliuwt mei it tekoart.