Moarnskonsert by Steven Sterk

21 jun 2011 - 09:49

By útjouwer Steven Sterk yn Tsjalbert wie tiisdeitemoarn in bysûnder konsert. Op it momint dat de sinne op de langste dei opkaam song Albert Bonnema it liet "Wolkom freugde fan de wrâld" fan Gysbert Japicx. It konsert hie de namme 'By it opgean fan de sinne'.

Nei it optreden fan tenoar Albert Bonnema binne der gedichten en lieten brocht oer it tema 'sinne'. Deputearre Hans Konst ferraste it publyk mei syn bariton-stim.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)