Toeristebelesting yn Opsterlân

Opsterlân krijt in toeristebelesting. Dy wurdt 4 persint fan de oernachtingspriis fan bygelyks hotels en kempings. Dat moat de gemeente alle jierren 140.000 euro opsmite. Dat hat de kommisje moandeitejûn sein. VVD en OpsterLanders wiene tsjin. Dy wolle in persintaasje fan 3 prosint.
Der wurdt al in jier praat oer de toeristebelesting yn Opsterlân. Tsjin in foarstel fan b. en w. foar in heffing fan ien euro de persoan de nacht, kaam in soad ferset.